Hoofdtekst
Myn suster tsjinne yn Kûkherne as faem. Op in nacht soe se mei Riemke Kroes werom nei Kûkherne ta. Hja hie dy deis efkes thús west. Underweis kom der in wylde lantearne op harren ta. Hja woarden deabinaud. De wylde lantearne passearre harren op in pear roeden distânsje. Hja hâldden elkoar stiif beet. Hwat neijer it kom, hwat banger se woarden. Mar myn suster sei hyltyd: It kin net oars, dit mat fan God komme en net fan 'e kweade. Dêr fortroude se op, al hoe bang hja wie.
Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Twee meiden zagen op een avond wilde lantaarns passeren.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 909, verhaal 3
Commentaar
2 april 1972
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Riemke Kroes   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
