Hoofdtekst
Op in joun soenen heit en mem to praten nei 'de laatste Stuver'. Heit hie de hountsjes meinom. Dat die er altyd as er jouns to praten gong. Hwant der koe ris in murd wêze ûnderweis. (Hy die neat leaver as murdejeije.) Doe gebeurde it dat de beide hountsjes mei de sturt tusken de poaten by heit kamen. Heit en mem tochten: hwat sil dit bitsjutte.
Doe seagen se in boerewein. Mei in kiste der op en in man of acht yn 't swart der achteroan. Ek ien foar. Dy droech in lange sluijer. 't Wie in lykstaesje yn 'e nacht.
De hountsjes hienen dat it earst fornaem. 't Wie op in lykpaed by 'de laatste Stuver'. Dat paed hyt noch it lykpaed. "Mast my mar beethâlde," sei heit tsjin mem, "der komt dy neat fan oer."

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een echtpaar zag op een avond een lijkstoet.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 909, verhaal 6
Commentaar
2 april 1972
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
De laatste Stuver   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21