Hoofdtekst
In doomny en in âlderling dy wienen togearre op hûsbisyk.
Hja moesten oer in bartsje dat oer de sleat lei en op 'e ein siet skerpe tried. Doe't de âlderling dêr oer hinne soe, skuorde er syn broek op. It himd kom der ta'n út.
Doe't se by minsken yn 'e hûs kommen gongen de doomny en de âlderling elk op in stoel sitten. De frou hie krekt oan 't himmeljen west. Doe't hja by de âlderling it himd seach, tocht se dat dat de âld stofdoek wie, dy't se dy deis brûkt hienen. Hja wie bang dat se dy dêr op 'e stoel lizze litten hie.
Dat wie har yn 'e wei en hja sei tsjin 'e faem: "Dû mast de kachel even optoarne, dan mast de pook krije en dy doek dêr wei lûke."
De faem die dat, mar de pook wie hyt, dy makke in gat yn 'e doek - dat wie de âlderling syn himd - en rekke de lytse jonge, dat hy raesde it út fan 'e pine.

Beschrijving
Een ouderling kwam eens met een gescheurde broek op huisbezoek. De boerin dacht dat ze een stofdoek op de stoel had laten liggen, maar het was het hemd van de ouderling. De meid wilde met de hete pook de doek pakken, maar brandde een gat in het hemd van de ouderling en verbrandde daarbij ook nog per ongeluk zijn jongeheer.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 911, verhaal 6
Commentaar
5 april 1972
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21