Hoofdtekst
Yn 'e Koaten wenne in boer, dy hiet van der Ploeg. Hy hie trije dochters en in soan.
Op in nacht gong de plysje dêr lâns, doe seach er in lykstaesje ta de homeije útkommen. 't Wie yn 1890, in hiele stringe winter.
In pear dagen letter gongen de fjouwer bern to riden op 't iis. Se rieden op 'e Burgumer mar. Se wienen fan tofoaren warskôge, it wie net fortroud dêr to riden. Mar dêr hienen se har net oan steurd.
Doe is ien fan 'e dochters dêr fordronken. Jan van Zalen hat der noch in liet op makke. Sytske van der Ploeg hiet se.
Dêr hie de plysje de lykstaesje fan sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een man, die met de helm geboren was, zag op een keer een lijkstoet van een boerderij vandaan komen. Een paar dagen later is een van de dochters van de boerderij door het ijs gezakt en verdronken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 912, verhaal 6
Commentaar
9 april 1972
Andere Todesvorzeichen & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Koaten   
Kooten   
Sytske van der Ploeg   
Naam Locatie in Tekst
Burgumer mar   
Burgumermeer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21