Hoofdtekst
Frijmitselers hienen har oan 'e duvel forkocht. Se hienen in wikseldaelder, dat is in ryksdaelder, dy't noait op rekket. Dy droegen se altyd by har, dy rekken se noait wer kwyt.
Sy krigen sa'n wikseldaelder fan 'e kweade.
Stammerige Harm hie ek in wikseldaelder. Dy hie noait forlet fan jild. Us heit leaude fêst dat er sa'n wikseldaelder hie. Dy't ien kear by de frijmitselders is, kin der net wer by wei.
Der wie ris in man by, mar 't wiif woe him der by wei ha. Doe gong se nei 't gebou fan 'e frijmitselders ta en hja sei: "Ik wol net ha dat myn man langer lid is fan jimme binde." Doe stjûrden se har nei hûs ta. Doe't se thús kom foun se har man dea.

Onderwerp
TM 2900 - Vrijmetselaars   
Beschrijving
Een vrijmetselaar verkoopt zich aan de duivel. Vrijmetselaars hebben een wisseldaalder, daardoor hebben ze altijd genoeg geld. Ze komen nooit meer van die wisseldaalder af, en ze kunnen ook niet bij de vrijmetselarij weg. Een vrouw ging eens naar het gebouw van de vrijmetselaars, om te zeggen dat ze wilde dat haar man erbij wegging. Toen ze thuiskwam, was haar man dood.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 914, verhaal 8
Commentaar
9 april 1972
Vrijmetselaars
Naam Overig in Tekst
Stammerige Harm   
Stotterende Harm   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21