Hoofdtekst
Se pielden froeger in bulte mei duveldrek om feilich to wêzen tsjin tsjoenderij. Se hienen it oeral ûnder 'e drompels. De bern hienen it ek yn in pûdtsje op 't boarst. Ik wyt noch wol, dat ik as jonge mei oare jonges simmers nei de Liuwe-poel ta gong to baeijen. Dy jonges hienen allegear ûnder 'e klean in bantsje om 'e hals, dêr't in pûdtsje mei duveldrek oan fêst siet. Dat droegen se op 't boarst. De jonges út 'e húshâlding, dêr't dat bern troch Hindrik Ophuis bitsjoend wie, wienen noait sûnder duveldrek.
De bern fan Hindrik Ophuis sels hienen it himd achterstofoar oan. Dat wie der ek foar om mar net bitsjoend to wurden (troch har eigen heit).
De bern fan Hindrik Ophuis sels hienen it himd achterstofoar oan. Dat wie der ek foar om mar net bitsjoend to wurden (troch har eigen heit).
Onderwerp
TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   
Beschrijving
Mensen deden vroeger duivelsdrek onder hun drempels, om zich te beschermen tegen toverij. Ook droegen de kinderen het wel in een zakje op hun borst.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 921, verhaal 9
Commentaar
17 september 1972
Duiveldrek als afweer
Naam Overig in Tekst
Hindrik Ophuis   
Naam Locatie in Tekst
Liuwepoel   
Leeuwenpoel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
