Hoofdtekst
Der wie ris in feint, dy woe graech wurk ha. Hy kom by in boer en frege him: "Kinne jo in boerefeint brûke?"
"Jawol," sei de boer, "kinst melke?"
Né, sei de feint, melke kin 'k net.
Dan kin 'k dy ek net brûke, sei de boer.
Doe gong dy feint nei in oare boer ta. Hy frege: "Kinne jo in feint brûke, boer?"
"Jawol," sei de boer, "kinst' melke?"

De feint krige yn 'e gaten dat er net wer né sizze moest. Hy kom wer by in boer.
Kinne jo in feint brûke boer?
"Jawol", sei de feint.
"Kom dan mar yn 'e hûs, sei de boer, wy soenen krekt ite, dan kinstû moai mei-ite."
Dat liet de feint him gjin twa kear sizze, hy hie honger en hy iet as in slatter.
Doe't it iten op wie, sei de boer: "Sjoch, hjir achter hûs rint in koe, dy't krekt kealle hat. Dy mat deis trije kear molken wurde. By de hekke leit it spantou, de amer en de tuolle. Rêd dû dêr mar mei."
De feint wie al in skoft fuort en hy kom mar net werom. De boer tochte ik mei wolris sjen hwat der mei dy feint to rêdden is. Hy gong der hinne en doe seach er dat de feint de koe op 'e rêch lizzen hie.
Hwat ha wy nou? frege de boer.
"Ja boer, it is in spul," sei de feint, "mar ik kin dy forrekte koe noait op 'e tuolle krije."

Beschrijving
Een knecht wilde graag werk hebben, maar alle boeren weigerden, omdat hij niet kon melken. Bij de laatste boer zei hij dat hij wel kon melken, en toen werd hij aangenomen. De boer gaf hem de melkspullen, maar toen de knecht maar niet terugkwam, ging de boer eens kijken. Hij zag de knecht de koe op de rug had gelegd. De knecht zei dat hij het dier maar niet op het melkkrukje kreeg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 924, verhaal 3
Commentaar
7 april 1972
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21