Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ093007

Een sage (mondeling), woensdag 20 september 1972

Hoofdtekst

In neef fan my, dat wie Oetse Deelstra. Dy wie ek o sa sterk. 't Siet him yn 't laech. Hy libbet noch en wennet nou yn Drachten.
Op in kear wienen Oetse en ik der togearre op út. Doe kommen wy in elzenebeam foarby, dêr siet in eksternêst yn. Dy beam stie yn 'e wâl en hie in stamme fan sa'n 15 cm trochsné.
"Hea jonge," sei Oetse tsjin my, "soenen dêr ek aeijen yn dat nêst lizze? Klim dêr ris yn."
Ik sei: "Dat kin ik samar net dwaen. Dat tûkewurk is my fiersto fyn."
"Wachtsje mar," sei er, "ik til dy wol op." Doe krige er my mei de rjochterhân by 't ankel beet en sa tilde er my - mei ien hân dus - omheech, boppe syn holle.
Mar ik koe 't nêst net rikke, dat hy sette my wer del. "Ik wol dochs wite hwat der yn leit", sei er. En doe bûgde er mei beide hannen de stamme fan dy elzenebeam nei ûnderen, dat hy knapte by de stobbe om 't ôf. Sa ôfgryslike sterk wied er.


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een jongeman was erg sterk. Hij wilde eens weten of er eieren in een eksternest zaten. Hij tilde eerst zijn neef met een hand boven zijn hoofd, maar die kon er niet bij. Toen heeft hij de stam van de elzenboom zover gebogen dat deze afbrak.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 930, verhaal 7

Commentaar

20 september 1972
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Oetse Deelstra    Oetse Deelstra   

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21