Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ093104

Een sage (mondeling), woensdag 20 september 1972

Hoofdtekst

Tusken Boksum en Blessum wie in binnenpaed mei allegear houtsjes, dy't oer sleatten leinen. Dêr earne stie ek de plaets fan in sekere boer Miedema. Dy boer stie bikend as in from en rjochtskepen man.
Op in kear wie der skoalleforgadering fan 'e Kristlike skoalle yn Boksum. Miedema wie bistjûrslid en wie dêr ek oanwêzich. It woarde nochal let dy jouns doe't de forgadering ôfroun. Miedema moest in iensum paed lâns en hy hie nochal hwat jild by him. Mar 't wie helder, ljochtmoanne waer.
Guon eagen him nei. Sy tochten: hy mei wol oppasse, mei safolle jild by him. Doe kom er by it Lange hout. Doe seagen de lju dat er oan wearskanten ien njonken him rinnen hie. Doe wienen se gerêst.
Hwat wie der gebeurd? Twa banditen hienen har forskûle by it Lange hout. Dy woenen him birove. Mar doe hied er ynienen in biskermingel oan wearskanten fan him hawn. Doe doarsten de rovers neat to bigjinnen.
Doe't it letter oan 'e praet kom die bliken dat de boer sels nea witen hie dat er twa helpers by him hawn hie.
"Hwa wienen der by jo?" fregen guon.
"Net ien", sei er.


Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Mensen zagen iemand eens met een hoop geld op zak naar huis gaan. Maar toen ze twee gedaantes om hem heen zagen, waren ze gerust. Later bleek dat twee rovers de man hadden willen overvallen, maar dat hij toen opeens was omringd door twee beschermengelen. De man wist dat zelf niet.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 931, verhaal 4

Commentaar

20 september 1972
De engelenwacht

Naam Overig in Tekst

Miedema    Miedema   

Lange Hout    Lange Hout   

Naam Locatie in Tekst

Boksum    Boksum   

Blessum    Blessum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21