Hoofdtekst
Myn pake wie timmerman yn 'e Rottefalle. Bloembergen hiet er. It gebeurde faek dat er in deakiste meitsje moest. Dan wie 't wolris dat er in nacht of trije fan tofoaren it getimmer oan dy kiste al hearde. Dan libbe deselde noch dy't der yn to lizzen kom. Dat kom altyd nei.
Ek oare lju ha dyselde lûden wol by myn pake heard yn 'e nacht. Dan seinen se: "Der sil gau wer ien stjerre. Wy ha de timmerman al oan syn kiste timmerjen heard."
Pake rûkte it soms èk fan tofoaren. Hwant oan in deakiste siet altyd in aparte reuk. Dat wie de reuk fan it swartsel, dat se op it hout fan 'e kiste smarden.

Onderwerp
SINSAG 0061 - Werkgeister   
Beschrijving
Bij een timmerman was altijd een paar nachten voor iemand stierf getimmer te horen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 936, verhaal 1
Commentaar
27 september 1972
Werkgeister
Naam Locatie in Tekst
Rottefalle   
Rottevalle   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21