Hoofdtekst
Der wie ien yn 'e Rottefalle tige siik. Hy wenne yn in hiel âld hûs mei bihindige doarren. De famylje fan 'e sike wie yn dat hûs oanwêzich, omdat de pasjint min wie en it net sa lang mear meitsje soe. Doe hearden se ynienen it lûd fan it skouwen fan in kiste ûnder it finster troch. Mar yn werklikheit gebeurde der neat.
Se hienen bigrepen hwat dit bitsjutte. Se wisten nou mei wissichheit dat deselde dy't siik wie it net lang mear meitsje soe. (Alde Mulder hat dit forteld).
It is ek in kear yn 'e Rottefalle gebeurd, doe wekken der guon fan 'e famylje by in siik minske.
Ynienen woarde de doar iepenklapt, mar sy hearden der net ien ynkommen en seagen ek neat. Dit hie bitrekking op it sike minske dat mei gauwens weireitsje soe. It wie de dea sèls dy't der yn kom.
~

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Het gebeurde wel dat bij doodzieke mensen werd gehoord hoe er een kist werd binnengebracht, ook al was er niets te zien. Dat was een voorteken, dat de zieke binnenkort sterven zou.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 936, verhaal 3
Commentaar
27 september 1972
Andere Todesvorzeichen.
Naam Overig in Tekst
Mulder   
Naam Locatie in Tekst
Rottefalle   
Rottevalle   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21