Hoofdtekst
Gjert Bargerbos fan Houtigehage wie ek net yn syn earste leugen smoard. Dy fortelde, hy wie ris thús, doe woarde 't needwaer. It waeide in stoarm. Hy tocht: donders, as dit mar goed komt mei 't tek, as dêr mar net in gat yn waeit en de wyn dêr ûnder komt, dan komt it hiele dak fan boppen. Dat doe wie er op it dak klommen mei in leider. En dêr hied er noch mar krekt west of de wyn kom him ûnder de jas en dat mei sa'n geweldigen kracht, dat dy hie him opnom en oer de skuorre hinne waeid.
Oan 'e oare kant de skuorre wied er wer delkom.
Oan 'e oare kant de skuorre wied er wer delkom.
Beschrijving
Een man beweerde eens tijdens een storm op het dak geklommen te zijn en toen door de wind opgenomen te zijn en aan de andere kant van de schuur weer neergekomen te zijn.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 936, verhaal 13
Commentaar
27 september 1972
Naam Locatie in Tekst
Gjert Bargerbos   
Houtigehage   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
