Hoofdtekst
Foar tsjoensters wienen se froeger bang. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net yn 'e hûs. De berntsjes krigen stikjes duveldrek yn in pûdtsje op it boarst, dêr kom in lintsje oan.
De tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
Soms krige sa'n kat in skop. Dan seinen se de oare deis:
"Ha jim 't wol sjoen? Hja hat it fannacht west. Hja hinkt oan 'e foet." Dan wiisden se nei in âld-minske, dy't foar de tsjoenster hâlden woarde.
As der ien bitsjoend woarde dan fielde dat krekt as krige er allegear spjeldestekken.
De tsjoenster makke krânsen yn 'e kessens fan deselde dy't se bitsjoende.
Foar deselde dy't bitsjoend wie gongen se nei de duvelbander. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne of Jonge Jan fan 't Wytfean. Meast gongen se hjirwei nei Wopke, dat wie tichterby. As Wopke in drankje joech, knapte it drankje soms al by him yn 'e hûs. Of 't gebeurde ûnderweis. Dan kearden se werom. Dan sei Wopke: "'k Hie 't wol tocht. Mar nou sil 'k it oars bisykje. Dan doch ik de blinen ticht."

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Heksen betoverden de mensen vroeger door kransen in hun kussens te toveren. Zo iemand voelde dan allemaal speldensteken. Om zich hiertegen te beschermen, deed men duivelsdrek onder de drempel. Kinderen droegen het ook wel in een zakje op hun borst. Een heks kon zich ook in een zwarte kat veranderen. Als zo'n kat dan een klap kreeg, was de heks de volgende dag gewond. Betoverde mensen gingen naar de duivelbanner. Van hem kregen ze een drankje mee, dat onderweg vaak knapte.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 940, verhaal 5
Commentaar
29 september 1972
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Jonge Jan   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Wytfean   
Witteveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21