Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094106

Een sage (mondeling), zaterdag 30 september 1972

Hoofdtekst

Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta.
It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar treurich. Der wienen guon dy foel dat op. Doe't se him fregen hwerom hy sa earnstich wie, woed er dat earst net sizze. Mar op 't lêst hat er 't ien fortelt. It minske soe yn 'e kream stjerre. Hy hie de bigraffenis al sjoen. Der lei in wyt ruft oerhoeks oer de kiste.
Dy't it hearde woe 't net leauwe. It minske wie ommers sa fleurich en 't like allegear like bêst.
Mar hy krige gelyk. Hja stoar yn 'e kream en it ruft lei oer de kiste.


Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Een knecht had gezien dat de boerin in de kraam zou sterven. Het kwam uit: er lag een witte doek over de kist heen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 941, verhaal 6

Commentaar

30 september 1972
Das zweite Gesicht

Naam Overig in Tekst

Zuiderdwarsvaart    Zuiderdwarsvaart   

Naam Locatie in Tekst

Suderdwarsfeart    Suderdwarsfeart   

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21