Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094109

Een sage (mondeling), zaterdag 30 september 1972

Hoofdtekst

As jo op jou stjerbêd in ding oan ha, dêr't op snein oan naeid is, dan kinne jo net stjerre. Beppe hat it meimakke mei in berntsje dat wie noch mar sawn maenden âld. It wie hiel bot siik. Mar it koe noait stjerre. "Hat er ek hwat oan dat op snein naeid is?" sei doe de buorfrou.
"Ja," sei beppe, "dat himdsje."
Doe ha se him dat himdsje útdien en doe blaesde er samar de lêste sykjes út.
Beppe wist al fier fan tofoaren dat se dat berntsje net hâlde mocht. Hja hie op in jountiid sjoen dat de dragers by har yn 'e keamer kommen en it kistje foar it bern yn in hoeke delsetten. Doe wie 't bern noch soun.



Onderwerp

SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen    SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   

Beschrijving

Een vrouw had gezien hoe dragers een klein kistje in huis hadden gebracht, en wist dat haar kindje dood zou gaan. Niet veel later werd het kind ziek, maar omdat het iets aanhad dat op zondag genaaid was, kon ze niet tot sterven komen. Pas toen ze het hemdje uittrokken, blies het kind de laatste adem uit.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 941, verhaal 9

Commentaar

30 september 1972
Der Sarg gesehen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21