Hoofdtekst
Tichte by ús wenne in tsjoenster, doe wienen wy noch lytse bern. Op in kear kom se by ús yn 'e hûs, doe wienen allinne myn susterke en myn broerke yn 'e keamer. Earst seach hja boven oer de doar hinne - hja woe witte hwa't der yn 'e keamer wienen. Doe kom se der yn. Der stienen allegear kopkes en pantsjes op 'e tafel. Doe krige se de tafel beet en dy hâldde se op 'e kop, sûnder dat der ien kopke of pantsje ôffoel. Doe gong se om 'e tafel hinne en doe tikke se earst myn broerke op 'e kop en doe myn susterke. En dêrby sei se hwat.
Myn susterke is letter stoarn, myn broerke net.
Myn susterke is letter stoarn, myn broerke net.
Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Een heks hield eens een tafel met kopjes en schoteltjes erop ondersteboven, zonder dat de spullen eraf vielen. Ook raakte ze een paar kinderen aan, waarbij ze dan iets zei. Later is een van die kinderen gestorven.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 944, verhaal 22
Commentaar
6 oktober 1972
Andere Zauberei.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
