Hoofdtekst
Der siet in man op 'e rêstbank yn 't plantsoen. Hy wie mei in apel oan 't skilen. Doe kom der in oar mantsje oan. Dy bleau by him stean en sei: "Hwat ha jo der by de ein?" "Ik bin oan 't apelskilen", sei de man op 'e bank. "Ik snij de apel yn stikjes en dan helje ik de pitten der út. Dy pitten binne o sa bêst foar de ûntwikkeling fan 't forstân."
Doe tocht dat oare mantsje: "It forstân, seit er. Dat moest by my noadich hwat opskerpe wurde. As dy pitten dêr goed foar binne..."
En hy sei: "Ik moest mar in mennich fan dy pitten fan jo ha." "Ja," sei de man op 'e bank, "mar dat giet samar net! Dy pitten forkeapje ik."
"Hwat kostje dy pitten dan?" frege it mantsje.
"Ik jow acht pitten foar in goune."
Dat kom it mantsje stûfernôch oan, mar hy sei: "Ik stap der yn", en hy helle in goune tofoarskyn.
Hy iet de pitten fuort op, mar doe't er se bihimmele hie, sei er: "Ik fornim der noch neat fan."
Mar de oare sei: "Jonge, dû bist fiersto hastich. Dat komt aenst wol."
It mantsje wachte even. Doe sei er: "Ik fornim der nòch neat fan. Ik kin net wite dat ik dy dingen hawn ha."
"Wier," sei de man fan 'e bank, "jo matte noch even geduld dwaen. It kin sa gau net."
Mar even letter, doe't it nòch net holpen hie, sei it mantsje: "Ik hie sels better apels keapje kind."
Doe sei de man op 'e bank: "Sjesa, nou bigjinne se to werken."

Beschrijving
Een man zat in het park eens een appel te schillen. Hij maakte een ander wijs dat door de pitten te eten, je heel verstandig werd. De ander kocht zijn pitten voor een gulden. Maar hij merkte er helemaal niets van. De man zei dat hij dan nog even moest wachten. Totdat hij meende dat hij beter zelf appels had kunnen kopen. Toen zei de man dat ze begonnen te werken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 945, verhaal 2
Commentaar
30 september 1972
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21