Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094605

Een sage (mondeling), donderdag 05 oktober 1972

Hoofdtekst

Der kom ris in frommes by ús yn Twizelerheide, dat wie ek in tsjoenster. Hja hiet fan Auk. Dy bleau by ús to iten. Mar ynpleats fan dat it minske iet gong se hyltyd mar mei de leppel oer 't iten hinne. Doe sei mem tsjin har:
"Hwat hat dat nou noadich?"
Mar hja sei neat werom.
Doe't se fuort soe lei ik gau allegear stikjes duveldrek ûnder 'e foardoar en ek ûnder de achterdoar.
Doe soe 't minske der út. Mar hja koe der net út komme.
Doe krige se in turf en dy sloech se stikken. Doe soe se it fjûr oansette.
Mem frege: "Hwat silst nou, Auk?"
"It fjûr oansette", sei se.
Doe roan der krekt in hin mei pykjes dy't by ús út it achterhûs weikom troch de achterdoar. Doe't d_ oer de drompel kom wienen koe hjà der ek oer komme. Auk makke gau dat se fuort kom.


Onderwerp

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

Beschrijving

Een heks kwam eens bij mensen eten. Die legden snel duivelsdrek onder de drempel. Toen kon de heks het huis niet meer uitkomen. Op het moment dat er een kip met kuikens over de drempel kwam, ging zij er snel ook overheen, en toen pas ging ze weg.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 946, verhaal 5

Commentaar

5 oktober 1972
Duiveldrek als afweer

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Twijzelerheide    Twijzelerheide   

Auk    Auk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21