Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ090204

Een sage (mondeling), woensdag 13 oktober 1971

Hoofdtekst

Ik hie in suster Jitske, dy is sa'n fiif jier lyn forstoarn. Hja wenne yn Hiltsjemuoiwâlden, hwat achterút. Tichteby stie in húske, dêr wenne in man-allinne yn. Dy man dat wie in tsjoenster.
Dêr stie nòch in âld húske, dêr wenne in âld wyfke yn. As myn suster by dat âld wyfke kom, dan wie 't sloof alhiel ûnstjûr. Myn suster fortocht dy frijgesel der fan dat dy har bitsjoende. Op in kear doe kom myn suster wer ris by dat âlde minske. Doe wie 't noait liker as leefde der hwat yn 't kessen dêr't se mei de holle op lei.
Jitske sei: "Dat kessen mat neisjoen wurde." Doe makken se it iepen. Doe kom der in ding út as in lytse wite koal. 't Wie hwat platter. Der siet wolle yn fan 't skiep, stikjes fan 'e klean, stopjern, lapkes, ja folle net genôch.
Jitske sei: "Dat sille wy opbarne." Sy treauwen it yn 'e kachel en doe is de pipe fan 'e kachel út elkoar barst. Hja hienen yn 'e gaten dat dit it wurk fan dy man wie.
It âld-minske is opknapt. Sy hat noch wol fjouwer jier leefd.


Beschrijving

In het kussen van een zieke, oude vrouw werden wat rare dingen gevonden. Toen ze het verbrandden, barstte de pijp van de kachel uit elkaar. De vrouw is weer opgeknapt.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 902, verhaal 4

Commentaar

13 oktober 1971

Naam Overig in Tekst

Jitske    Jitske   

Naam Locatie in Tekst

Hiltsjemuoiwâlden    Hiltsjemuoiwâlden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21