Hoofdtekst
Der wie in frommes, dat hie in kunstfoet. 't Wie in gouden skonk. Dat frommes kom to forstjerren en sy woarde biïerdige. Dy gouden skonk rekke mei yn 't graef.
By harren thús wenne in feint, dy gong op in nacht nei 't tsjerkhôf en hy makke it graef iepen en hy helle dy gouden skonk út 'e kiste.
Doe kom dat minske alle jounen dêr by de glêzen en rôp:
"Mijn gouden been! Mijn gouden been!"
Dat bigong dy minsken op 't lêst oan to gean. Sy seinen: "Wy matte der doomny mar fan yn kennis stelle."
Doe hellen se doomny op.
It duorre net lang of dêr kom it minske wer foar de glêzen. "Mijn gouden been! Mijn gouden been!" rôp se.
Doe't se dat roppen hie frege de doomny har of dy of dy it dien hie. Hy gong by 't hiele rychje lâns. Hyltyd wie 't né.
Op 't lêst wie 't oan 'e feint ta.
"Hat dy it dien?" frege de doomny.
Doe kom der in aeklige skreau dy't de minsken troch ieren en sinen gong. De feint woarde sa wyt as in deaden. Hja woe dêr mei sizze dat hy it dien hie.

Onderwerp
AT 0366 - The man from the gallows   
ATU 0366 - The Man from the Gallows.   
Beschrijving
Een vrouw werd met haar gouden been begraven. Haar knecht besloot het been uit het graf te roven. Vanaf dat moment kwam de vrouw elke avond spoken. Ze haalden de dominee erbij. Ze hoorden de vrouw schreeuwen 'mijn gouden been!'.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 902, verhaal 16
Commentaar
13 oktober 1971
The man from the gallows
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21