Hoofdtekst
As in houn spûkgûlt, dan komt der in sterfgefal, dêr kin men wis fan op oan. Wy ha 't sels meimakke, noch net iens sa mâlle lang lyn, mei ús eigen houn. Us mem leefde doe noch. Ik wie net thús. Mem wie allinne yn 'e hûs.
Wy hienen hwat in fremd hountsje. Hy gong dy deis by de dikke beam sitten, mei de kop omheech en dat spûkgûlde mar. Wylst seach er de kant nei it westen út. 't Wie by dei. It wie in aeklich lûd en ús buorman sei tsjin mem: "Dy houn mat yn 'e hûs. Dat is net oan to hearren."
Doe brocht mem him yn 'e hûs. Mar it dier hie dêr rêst noch duer. Hy wòe der út. Hy rekke der èk út. Doe gong er wer op 't selde plak sitten by de dikke beam, mei de kop omheech en seach it westen út. En dat bigong wer to spûkgûlen.
Doe sei buorman tsjin mem: "Nou wolle wy der om tinke, hwat hjir achterwei komt. Hwant dit doocht net. Dit docht de houn oars noait."
Op 'e middei woarde der in jonkje fan dyselde minsken dea thúsbrocht. Dat jonkje hie in ûngelok hawn. De houn hie hyltyd it gesicht hawn op it hûs fan dy minsken.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een hond zat op een dag heel de tijd buiten bij een boom, te spookhuilen in de richting van een huis. Later die dag werd een jongetje, dat daar woonde, dood thuisgebracht.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 919, verhaal 9
Commentaar
10 september 1972
Andere Todesvorzeichen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21