Hoofdtekst
Hearke hat ek stille plysje west: onbezoldigd veldwachter.
Op in kear moest er jild ôfleverje yn Ljouwert. It jild hie er yn in pûde oer 't skouder hinne. Der siet nochal hwat yn. Hy gong rinnende wei nei Ljouwert ta. Oan 'e oare kant Hurdegaryp is 't in keal ein. 't Wie jountiid en doe trof Hearke dêr in pear keardels, dy hâldden him oan.
"Hwat is dêr yn dy ponge?" fregen se.
"Dêr ha 'k jild yn", sei Hearke bidaerd.
"Dû bist nou fier genôch", seinen se. "Wy matte 't jild mar ha. Liz mar ôf."
Doe soenen dy mannen it jild gripe. Mar Hearke wie se foar. Hy krige dy beide mannen, yn elke hân ien en klapte se tsjin elkoar oan. As in harmoanika dy't jo yndrukke. Doe sei er:
"Ha jim der nou ek noch bilang by?"
Dat hienen dy mannen net fansels. Doe sei er: "Gean nou mar mei nei Ljouwert ta." Doe liet er se foar him út rinne. Yn Ljouwert levere hy se ôf op 't plysjebero.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke was eens met een grote zak geld onderweg naar Leeuwarden. Onderweg wilden twee mannen hem beroven, maar Sterke Hearke was hun veel te sterk. In plaats daarvan nam hij ze mee naar het politiebureau in Leeuwarden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 919, verhaal 12
Commentaar
10 september 1972
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21