Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ092804

Een sage (mondeling), vrijdag 15 september 1972

Hoofdtekst

It wie yn 'e tiid, doe wie ús mem yn forwachting fan my. Doe krigen se op in kear praters, dat wienen Jan de Haan en syn frou. Dy lju hienen in greate húshâlding en Jan syn mem wenne by harren yn. Dat wie in âld minske. It wie âlde Iebeltsje. Dat âld minske woe by mem en dy wenje. Doe nom heit har mei hjirhinne.
't Ald-minske wie smoarch en sy siet ûnder 't ûngemak. Mem moest har hielendal reinigje. Doe't dat gebeurd wie gûlde se fan blidens.
Mar doe woarde dat âld-minske siik en bêdlegerich. Mem hie 't der drok mei. Doe sei mem tsjin heit: "Dû hast my hwat op 'e hals helle mei dat âld-minske hjir hinne to bringen."
"Och fanke," sei heit, "'t is in gelok datst har hjir hast, hwant hja stjert direkt. It is al in skoft lyn dat ik har kiste sjoen ha; in greate kiste."
"Hwerom hast dat net earder sein?" sei mem.
"Ja fanke," sei heit, "dat doarst ik eins net dwaen om dy. Dû bist yn forwachting en ik wie bang datste tinke soest dat de poppe dystû draechste dea gean soe. Dêrom hâldde ik my stil."
Alde Iebeltsje is ridlik-gau dêrnei stoarn.






Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Een man had een kist gezien en wist daardoor dat er binnenkort iemand in zijn huishouding zou sterven. Niet veel later stierf een inwonende oude dame.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 928, verhaal 4

Commentaar

15 september 1972
Leichenzug gesehen.

Naam Overig in Tekst

Jan de Haan    Jan de Haan   

Iebeltsje    Iebeltsje   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21