Hoofdtekst
Der wienen in boer en in boerinne, dy soenen in nacht útfanhûs by de lânhearre yn 'e stêd. Dat wienen trije forname minsken. Nou hie de boerinne noch noait by oare minsken iten en de boer wie bang dat se har fatsoen net hâlde koe. Dêrom sei er tsjin har: "Dû mast dêr net safolle ite, hear?"
"Hwerom net?" sei se. Hja wie wend har goed sêd to iten.
"Dat is ûnfatsoenlik by in oar", sei de boer.
"Mar hoe kin ik wite hwannear't ik ophâlde mat? sei de boerinne.
"Ik sil dy op 'e foet traepje", sei de boer. "Dan mastû opslach de leppel dellizze."
Der kom tige lekker iten op 'e tafel by de lânhearre.
De boerinne iet mei smaek. Mar der wie ek in grouwe houn yn 'e keamer. Dy lei ûnder 'e tafel. Dy kom ynienen oerein en trape dêrby de boerinne op 'e teannen. Hja tocht dat de boer it die en hja lei de leppel del. Doe wienen se noch mar krekt oan 't iten.
"Hwat nou," sei de lânhearre, "ha jou nou al genôch?"
"Ja," sei se, "ik bin in lytse iter." Mar hja forgong fan 'e honger en koe alles wol op hwat der op 'e tafel stie.
De jouns waerden de boer en boerinne nei boven ta brocht, dêr't de sliepkeamer wie. Hja gongen op bêd lizzen.
De boerinne die oars neat as gapjen.
De boer tochte: Sy gappet, omdat se sa sliepprich is.
Mar it hâldde mar oan. Hy sei: "Kinst net op in fremd bêd sliepe? Hwant dû gappest fan 'e sliep en dû draeist mar om en om."
Doe sei se: "Dat komt net fan 'e sliep, mar fan 'e honger, hwant ik ha lang net genôch krige."
Doe sei de boer: "Dat is suver neat, dêr wyt ik wol ried op. Ik helje dy in sleeffol brij út 'e kelder."
De boer tocht: "Ik doch net in lampe op, hwant dan fornimme se my miskien."
Hy giet by de trap del yn 't tsjuster en sa nei de kelder. Hy nimt in sleeffol brij út 'e panne en giet der mei by de trap op nei de sliepkeamer, dêr't de boerinne op 't ledikant leit. It is tsjuster, dat hy kin neat sjen.
Dan hâldt er de sleef op it plak dêr't er tinkt dat de boerinne har mûle is. Mar dêr forsint er him raer mei. 't Is in hiel oar plak as de mûle. Hy hat neat yn 'e gaten. Ek net as de boerinne in skeet lit. Dan seit er: "Dû hoechst net to blazen, ju, hwant de brij is kâld!"

Onderwerp
AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."   
ATU 1691 - The Hungry Clergyman   
Beschrijving
Een boer en boerin worden eens uitgenodigd bij voorname mensen in de stad. De vrouw eet altijd erg veel, en de boer zegt haar dat hij haar een teken zal geven wanneer ze op moet houden met eten. Maar al vlak nadat ze begonnen waren, raakte de hond onder de tafel de vrouw aan. Zij dacht dat het haar man was en stopte met eten. Die avond kon de vrouw van de honger de slaap niet vatten. De boer haalde uit de kelder nog wat pap. Hij dacht dit bij haar gezicht te houden, maar hij hield het juist bij haar achterste. Toen de vrouw ook nog een scheet liet, zei de man boos dat ze niet hoefde te blazen, de pap was niet heet.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 933, verhaal 3
Commentaar
24 september 1972
"Don't Eat too Greedily."
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21