Hoofdtekst
De beppe fan ús mem wie in tsjoenster, mar dat hat mei dit teltsje neat út to stean. It wol allinne mar sizze, dat it net likefolle is hwat men seit.
Har buorlju, dat wienen dy beide âldfeinten Auke en Minse. Dêr hie se faek rûzje mei. Op in kear doe krige se rûzje, doe stie se by harren yn 't winkeltsje foar de toanbank. Doe fortelde se hwat, dat wie net wier.
Auke sei fuort: "Dat is sa net", mar der woe se neat fan hearre. "Ja wis, is 't sa", sei se. "As it net sa is, dan mei dizze wicht my gleon yn 't boarst wurde." Doe hie se in koperen wicht fan in poun fan 'e toanbank krige.
Hja is stoarn mei in freesliken pine yn 't boarst. Krekt as hie se der in gleon gewicht yn, hat ús mem faek sein.

Beschrijving
De buren van mijn grootmoeder zijn twee vrijgezellen Auke en Minse. Daar heeft ze vaak ruzie mee. In het winkeltje vertelt grootmoeder iets dat niet waar is. Auke zegt dat het niet waar is. "Als het niet zo is, dan mag dit gewicht in mijn borst gloeien", zegt grootmoeder. Ze krijgt een koperen gewicht van een pond van de toonbank. Ze is gestorven met een vreselijk pijn in haar borst. Het gewicht gloeide in haar borst.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 937, verhaal 17
Commentaar
29 september 1972
Naam Overig in Tekst
Auke   
Minse   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21