Hoofdtekst
Trije keardels út 'e Harkema wienen ris dronken. As se goed dronken wienen, dan wienen 't rare mannen. En gefaerlik. Hja wienen op 'e Lange Wyk. Dêr hienen se yn 'e kroech sitten.
Doe praetten dy trije mei elkoar ôf, hja soenen de earste de bêste dy't se tsjin kommen deameitsje.
Doe trof dat in postloper. It gebeurde op 'e Lange Wyk. Dêr ha se doe mei har trijen dy man de kop ôfhoud.
De oare deis woarden dy trije arresteard. Hja moesten mei nei Bûtenpost en dêr woarden se konfrontearre mei 't lyk.
Doe wie der ien by, dy sei: "Ik ha 't net dien." Hy gong flak njonken 't lyk stean en sei: "Dan sil de deade nou sprekke, as ik skuldich bin." Hy swearde by 't lyk.

Beschrijving
Drie dronken mannen vermoorden een postbode. Ze worden gearresteerd en geconfronteerd met het lijk. Eén van de mannen blijft ontkennen: "Als ik schuldig ben, laat het lijk dan nu spreken."
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 949, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 oktober 1972
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Lange Wyk   
Bûtenpost   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21