Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ095207

Een sage (mondeling), vrijdag 13 oktober 1972

Hoofdtekst

Tsjoensters wienen meastal âlde minsken. Yn de regel wienen it froulju, dy hienen in swart kypske op.
Mar 't wienen ek wolris manlju.
Us mem wie siik. Us Jan hie nei Wopke ta west om in drankje. Wopke sei, hy mocht it oan net in minske sjen litte, dat Jan hâldde it drankje yn 'e bûs.
Doe't Jan krekt wer thúskom wie mei it drankje, kommen der twa âlde manlju yn 'e hûs, de iene wie Bouke Brinkman. 't Wienen allebeide tsjoensters. Sy wennen net sa fier fan ús ôf. Sy kommen hoasfuotling it paed del en sy himen der oer. Sa kommen se by ús yn 'e hûs. Mar Jan hâldde it drankje yn 'e bûs.
"Dû silst wol gau wer better wurde", seinen se tsjin mem.
"Né," sei mem, "'t is nou to let."
Mem is al gauachtich dêrnei stoarn. 't Gebeurde yn Twizelerheide.

Beschrijving

Heksen waren meestal oude mensen. In de regel waren het vrouwen, die hadden een zwart kapje op. Maar het warern ook wel eens mannen. Onze moeder was ziek. Onze Jan ging naar Wopke om een drankje, maar het was al te laat.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 952, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

13 oktober 1972

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Wopke    Wopke   

Bouke Brinkman    Bouke Brinkman   

Naam Locatie in Tekst

Twijzelerheide    Twijzelerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21