Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ095408

Een sprookje (mondeling), zaterdag 14 oktober 1972

Hoofdtekst

Der wie ris in âld-wyfke, dat foun in houten duit. Dêr gong se mei nei de merk ta en sy kocht der in baerch foar.
Mar dy baerch woe net nei hûs ta rinne of hja moest him nei hûs ta drage.
Doe wie der in houn. It âld-wyfke sei: "Houn, wolstû de baerch bite? De baerch wol net nei hûs ta rinne of ik mat him nei hûs ta drage."
"Né", sei de houn.
Doe wie dêr in stok. It âld-wyfke sei: "Stok, wolstû de houn slaen? Houn wol gjin baerch bite. En de baerch wol net nei hûs ta rinne of ik mat him nei hûs ta drage."
"Né", sei de stok.
Doe wie dêr in fjûr. It âld-wyfke sei: "Fjûr, wolstû de stok brânne? Stok wol gjin houn slaen. Houn wol gjin baerch bite. En de baerch wol net nei hûs ta rinne of ik mat him nei hûs ta drage."
"Né", sei it fjûr.
Doe wie dêr wetter. It âld-wyfke sei: "Wetter, wolstû it fjûr úteazje? Fjûr wol gjin stok brânne. Stok wol gjin houn slaen. Houn wol gjin baerch bite. En de baerch wol net nei hûs ta rinne of ik mat him nei hûs ta drage."
"Né", sei it wetter.
Doe wie dêr in koe. It âld-wyfke sei: "Koe, wolstû wetter sline? Wetter wol gjin fjûr úteazje. Fjûr wol gjin stok brânne. Stok wol gjin houn slaen. Houn wol gjin baerch bite. En de baerch wol net nei hûs ta rinne of ik mat him nei hûs ta drage."
"Né", sei de koe.
Doe wie dêr in ein tou. It âld wyfke sei: "Tou, wolstû koe bine? Koe wol gjin wetter sline, wetter wol gjin fjûr úteazje, fjûr wol gjin stok brânne, stok wol gjin houn slaen, houn wol gjin baerch bite, en de baerch wol net nei hûs ta rinne of ik mat him nei hûs ta drage."
"Né", sei it tou.
Doe wie dêr in mûs. It âld-wyfke sei: "Mûs, wolstû tou gnauwe. Tou wol gjin koe bine. Koe wol gjin wetter sline. Wetter wol gjin fjûr úteazje. Fjûr wol gjin stok brânne. Stok wol gjin houn slaen. Houn wol gjin baerch bite en de baerch wol net nei hûs ta rinne of ik mat him nei hûs ta drage."
"Né", sei de mûs.
Doe wie dêr in kat. It âld wyfke sei: "Kat, wolstû mûs fange? Mûs wol gjin tou gnauwe. Tou wol gjin koe bine. Koe wol gjin wetter sline. Wetter wol gjin fjûr úteazje. Fjûr wol gjin stok brânne. Stok wol gjin houn slaen. Houn wol gjin baerch bite. En de baerch wol net nei hûs ta rinne of ik mat him nei hûs ta drage."
"Ja!" sei de kat.
En doe gong de kat achter de mûs oan en de mûs achter it tou en it tou achter de koe en de koe achter it wetter en it wetter achter it fjûr en it fjûr achter de stok en de stok achter de houn en de houn achter de baerch.
Doe sei 't âld-wyfke: "Huorre-huorre-huorre, de baerch yn 'e skuorre!"

Onderwerp

AT 2030 - The Old Woman and her Pig    AT 2030 - The Old Woman and her Pig   

ATU 2030 - The Old Woman and her Pig.    ATU 2030 - The Old Woman and her Pig.   

Beschrijving

Een oud vrouwtje vindt een houten duit en koopt op de markt een varken, maar het wil niet naar huis, tenzij gedragen. Ze vraagt een hond het te bijten, een stok de hond te slaan, het vuur de stok te branden, het water het vuur te doven, een koe het water te zuipen, een touw de koe te binden, een muis het touw te knagen, een kat de muis te vangen. De kat jaagt de muis na, die het touw, dat de koe, die het water, dat het vuur, dat de stok, die de hond, die het varken en dat kwam zo in de schuur.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 954, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

14 oktober 1972
The Old Woman and her Pig

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21