Hoofdtekst
Myn broer hie in kammeraed yn Sweagerbosk wenjen. Dy wenne dêr mei syn mem. Dat wienen allebeide tsjoensters. Op in joune soe myn broer nei syn kammeraed ta.
It ljocht wie by harren op en sy hienen de blinen ticht. Myn broer tochte: ik wol ris even sjen hwat se dêr by de ein ha. Der sieten iepeningen yn 'e blinen, dêr koed er trochhinne sjen.
Doe seach er dat se allegear popkes op 'e tafel hienen. It wienen popkes fan fodden, en dêr stieken se yn om mei spjelden. De mem en de soan beide.
Dat hat myn broer sjoen.
Mar doe hat myn broer tink hwat lawaei makke. Sy hearden him tominsten. De soan kom by de doar en doe't er myn broer gewaer woarde sei er: "Even wachtsje, even wachtsje - kom strak mar wer -"
Sy moesten fansels earst dy popkes oan kant ha. Mei it stekken yn dy popkes bisoargen se de minsken dêr't se it op forsjoen hienen, pine.

Onderwerp
SINSAG 0531 - Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.
  
Beschrijving
Een man bezoekt zijn vriend, loert door de blinden en ziet de vriend met zijn moeder bezig met popjes, waarin ze spelden steken. Daarmee bezorgden ze mensen, op wie ze het voorzien hadden, pijn.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 955, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
22 maart 1973
Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk (Zwagerbosch)   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21