Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ095801

Een mop (mondeling), zaterdag 28 oktober 1972

Hoofdtekst

Twa militairen hienen togearre ûnder tsjinst en yn 'e oarloch west. De iene wie boer en de oare kuorkerinder. Allebeide wienen se yn 'e oarloch gewond rekke. Troch in skot wienen se beide har schaamdelen kwytrekke en hienen se beide in skoft yn 't hospitael lein.
It wie fyftsjin jier letter. Yn al dy tiid hienen se elkoar net wer sjoen.
Doe gong dy kuorkerinder ris op stap en hy kom by de boer. Hy belle oan en dêr wie in fanke fan fjirtsjin jier dat him iepen die. De kuorkerinder sei: "Wolst jimme heit ris roppe oft er ek blauwe kilen en broeken keapje wol?"
It fanke ropt troch de gong: "Heit, wol heit hjir even komme?" Even letter, dêr kom de boer by de doar.
"Heden Jaep," seit de boer, "bistû dêr, jong?"
"Ja jong," seit de kuorkerinder, "mar hjir wie krekt ien by de doar en dy rôp fan - heit - Hoe kin dat nou? Dû bist dochs alles kwyt rekke, krekt as ik?"
Doe sei de boer: "Dat sil 'k dy sizze. Ik haw hjir in protte lân en bosk ensa en doe wie 'k op in kear fier de bosk yn, doe trof ik dêr in fé. Dy fé hie honger en dy frege my of ik hwat foar har to iten hie. Nou, ik hie myn kofjebrochje by my en dat joech ik har. Doe wie dy fé och sa bliid. Hja iet it brochje op en doe sei se tsjin my: "Nou meije jo in winsk dwaen."
Ik hoefde my net lang to bitinken. Doe winske ik dat ik myn spultsje wer krige. En ik krige 't èk fan har wer."
Doe sei de kuorkerinder: "Heden jonge, as dat sa kin, dan moest ik de bosk ek mar yn. Mei ik dyn hynder brûke? Dan ryd ik der hinne."
It wie de boer bêst. Jaep krige in kofjebrochje mei en sa ried er nei de bosk ta.
Midden yn 'e bosk trof er de fé. De fé krige syn brochje en doe mocht er in winsk dwaen. Mar dy stomme fint tochte: "Nou wol ik it noch better dwaen as de boer." Doe sei er: "Ik woe sa graech in geslachtsdiel ha sa great as dat fan in hynder."
"Nou," sei de fé, "dat is yn oarder."
Doe gong dy kuorkerinder fuort op 'e merry sitten.

Onderwerp

VDK 0750K* - "Net zo een als dit paard."    VDK 0750K* - "Net zo een als dit paard."   

Beschrijving

Twee mannen hebben beiden in de oorlog hun zaakje verloren, maar als de ene na 15 jaar bij de ander komt, blijkt die een dochter van 14 te hebben en hij vertelt in het bos een fee ontmoet te hebben, die hij een koffiebroodje gaf en toen een wens mocht doen. De ander wil dit ook, gaat ook naar het bos en geeft de fee een koffiebroodje en mag een wens doen. Ook hij wens zijn zaakje terug, maar wil het beter doen dan de ander en wenst een geslachtsdeel zo groot als dat van eenb hengst. De fee maakt het in orde en voortaan gaat de kurkbastpeller op een merrie zitten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 958, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

28 oktober 1972
"Net zo een als dit paard."

Naam Overig in Tekst

Jaep (Jaap)    Jaep (Jaap)   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21