Hoofdtekst
Myn broer kom ris op in nacht mei moai ljochtmoannewaer fan in feestlike forgadering fan 'e muzykforiening fan 'e Rottefalle. Wy wennen doe yn Drachtster Kompenije. It wie nei tolven. Hy wie op 'e fyts en hie de karbydlantearne oan. Hy gong in binnenpaedtsje del dat nei de Fjouwerroede tagong. 't Wie in smel paedtsje fan sahwat in meter breedte. De Spûkloane hiet it. Dêr spûke altyd in pleachbeest, seinen se. 't Hie oan 'e iene kant in djippe groppe en oan 'e oare kant in sleat. Doe't er sahwat op 'e helte wie, kom der in grouwe swarte houn oan.
Myn broer wie stjerrend binaud. Hy hie fuort yn 'e rekken dat dit it pleachbeest wie. Hwat moest er? Hy koe sa gau net fan 'e fyts komme. Hy fielde dat de houn by syn boksen lâns gong. Kantroerend gong it dier by him lâns. Myn broer wie bot fan streek doe't er thús kom.
Hy hearde dat dêr alle jounen in pleachbeest wie tusken tolven en ienen. Doe is hy mei noch twa oaren - dêr wie ek in broer by - de snein-to-jouns dêroan wer nei 't selde plak ta gong. Doe wienen se mei har fjouweren en doe wie myn broer net bang. 't Wie wer tusken tolven en ienen. Mar doe kom it net to foarskyn.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Mijn broer ging op een heldere nacht na twaalf uur op de fiets via een binnenpaadje, genoemd het Spooklaantje, naar huis. Aan de ene kant was een diepe greppel, aan de andere kant een sloot. Ongeveer op de helft kwam er een zwarte hond aan, die een poos naast hem bleef lopen en langs zijn broek streek. Thuis gekomen hoorde hij dat er tussen 12 en 1 uur altijd een plaagbeest was, maar toen hij samen met 3 andere mannen nog eens terugging, zagen ze niets .
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 961, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
20 oktober 1972
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn); en SINSAG 0333: Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn)
Naam Overig in Tekst
Fjouwerroede   
Naam Locatie in Tekst
Rottefalle   
Drachtster Kompenije   
Spukloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21