Hoofdtekst
Yn Sweagerbosk wenne in âld man, dy wie mei de helm geboaren. Hy hie ien sok oan en ien sok út en roan altyd om. Wy wienen der bang foar, hwant hy seach altyd lykstaesjes. De lju tochten: o hea, as er hjir mar net by ús komt, hwant dan gebeurt der hwat. Meastal wie hy der yn 'e nacht op út. Hy wenne by in poel, oan 't spoar ûnder Twizelerheide. Hy rekke soms raer út bêd wei, hwant hy wòe soms net. Mar hy moest. Hy woarde dreaun, krekt as sieten se him achter. Dan switte hy der soms oer. Soms moest er hiel hurd rinne om op tiid to kommen. Dan gongen de hekken fansels foar him iepen, seinen se.
Ek ris in kear doe fleach er nei 't spoar ta yn Sânbulten. Dêr bleau er stean. Hy stie dêr mar to sjen nei in bipaeld plak. De oare deis foel dêr ien út 'e trein, dy wie opslach dea. Wylst hy dêr stie seach er dy deade dêr al fan tofoaren lizzen.
Sokke dingen wist er altyd foarút. Hwat is nou soks?
Ek ris in kear doe fleach er nei 't spoar ta yn Sânbulten. Dêr bleau er stean. Hy stie dêr mar to sjen nei in bipaeld plak. De oare deis foel dêr ien út 'e trein, dy wie opslach dea. Wylst hy dêr stie seach er dy deade dêr al fan tofoaren lizzen.
Sokke dingen wist er altyd foarút. Hwat is nou soks?
Onderwerp
TM 2901 - Helmdragers   
Beschrijving
In Sweagerbosk woonde een oude man die met de helm was geboren. Hij had altijd één sok aan en één sok uit en rende altijd rond. Hij zag ook lijkstaatsies. 's Nachts moest hij vaak uit bed, hij rende dan om op tijd te komen. De hekken gingen vanzelf open. Op een keer bleef hij bij het spoor in Sanbulten staan en zag daar al de dode die pas de volgende dag (uit de trein) zou vallen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 963, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
3 januari 1973
Helmdragers; SINSAG 0481: Leichenzug gesehen; SINSAG 0542: Von unsichtbaren Händen aufgenommen; SINSAG 0486: Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Sanbulten   
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Twizelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
