Hoofdtekst
Op in kear yn 'e winter woe Jan even nei Ljouwert ta oer iis. Yn Surhústerfean boun er de redens ûnder. Doe't er oan Koatstertille ta wie, tocht er: "Ik mat mar even oanstekke yn 'e herberch."
Doe siet der in mynhear, dy seach der eptich út. Hy hie in wite mûtse op en in trui oan ensa en syn redens leinen njonken him. Hy wie krekt as in echte hurdrider yn 'e klean. Jan praette even mei him. Doe sei dy mynhear dat er èk nei Ljouwert ta moest.
Se setten togearre op Ljouwert ta, mar dy mynhear koe Jan lang net byhâlde. Jan wie al lang toplak, doe kom dy oare der earst oan. Dy pûstte en blaesde dat it hwat die.
"O, o, hwat bin ik warch", hime er.
"Ik ha nergens lêst fan", sei Jan.
"Hwat kinne Jo ride", sei de mynhear.
"Ik ha oars mar kalm riden", sei Jan. "Mar hwa binne jo eins?"
"Ik bin de kampioen fan Nederlân", sei er.

Beschrijving
Toen Jan [Hepkes] onderweg was naar Leeuwarden op de schaats, stopte hij onderweg in een herberg. Daar kwam hij een man tegen die met hem meeschaatste naar Leeuwarden. De man kon Jan niet bijhouden en was uitgeput toen ze aankwamen. De man bleek de Nederlandse kampioen te zijn.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 966, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
7 januari 1973
N.B.: verhaal 4 ontbreekt.
Naam Overig in Tekst
Jan [Hepkes]   
Naam Locatie in Tekst
Leeuwarden   
Ljouwert   
Surhuisterveen   
Kootstertille   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21