Hoofdtekst
Gabe de Haan wie de styfheit fan myn man. Hy libbet noch en is nou 93 jier. Earen wenne hy oan 'e Wâlddyk ûnder Aldwâld. Op in joun soed er mei syn frou to praten.
Doe sei syn frou ynienen: "Sjoch, der komt in keardel oan."
't Wie helder ljochtmoanne waer en Gabe seach de man ek tige dúdlik. Se wienen sahwat tagelyk by de brêge, dy fremde keardel en Gabe en syn frou.
"Goeije navend", sei Gabe syn frou, mar doe wie dy keardel fuort. Krekt as wied er fan 'e ierde blaesd. Gabe en syn frou stienen forbaesd. De oare deis is Gabe nei dat plak ta west to sjen, mar der wie neat to finen. Wit hoe faek hat Gabe dit forteld.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Op een avond zagen Gabe de Haan en zijn vrouw een vreemde man naderen. Ze zagen hem duidelijk, en kwamen ongeveer tegelijk met hem bij de brug aan. De vrouw wenste de man goedenavond, maar op dat moment leek hij van de aardbodem verdwenen. Gabe heeft de man daarna niet meer gezien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 967, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
8 januari 1973
Andere Tote spuken
Naam Overig in Tekst
Gabe de Haan   
Aldwald   
Naam Locatie in Tekst
Walddyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21