Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ096801

Een mop (almanak), woensdag 10 januari 1973

Hoofdtekst

Der wienen ris in man en in frou. It wyfke wie net ien fan 'e snoadsten. It gebeurde op in kear by 't hjerst dat de man in baerch slachte. Hja ieten der goed hwat fan op, mar de sydstikken kommen yn 'e skoarstien to hingjen.
"Hwer is dat foar?" frege it wyfke.
"Dat is foar de winter", sei de man.
Yn dy tiid kommen der noch in soad skoaijers by de doarren lâns. Sa kom der ek ris ien, doe hie 't krekt bot ferzen. De frou wie mar allinne thús. De skoaijer dy't by de doar kom, sei: "'t Is winter, frou", en wylst wreau er syn hannen fan 'e kjeld.
"O hea," sei it minske, "binne jo Winter. Dan sil ik gau even it spek helje, hwant dat is jowes." En hja giet nei de souder ta en komt mei 't spek del, dat se de skoaijer jowt.
De skoaijer set mei 't spek ôf.
Mar in skoft letter kom har man thús. Hja sei tsjin him: "De Winter hat der ek west. Dy ha 'k it spek meijown." Doe't de man dat hearde, woarde er pûr-lulk. Hja woarden deilis togearre en hy sei tsjin har: "Ik gean by dy wei. Sa'n dom frommes kin 'k altyd noch wol krije. Ik kom allinne wer thús as ik twa froulju fine kin dy't nòch dommer binne as dû." En hy naeide út.
Hy nom hynder en wein mei en hy ried de hiele dei. Op 't lêst moest er wol ûnderdak ha.
Doe kom er by in hûske. Doe't er op 'e doar kloppe kom der in frou oan, dy't him iepen die.
De man frege of er dêr bliuwe koe en of er dêr hwat itenguod krije koe.
It minske sei, hy moest mar yn 'e hûs komme.
Hy kom to sitten op in stoel by de tafel en doe't se in skoftsje praet hienen kom har eigen man thús. Doe sei se tsjin har man: "Dû mast dy hwat forklaeije, wy ha ûnforwacht in útfanhûzer krige."
Doe soe har man in boezeroentsje oer de holle dwaen, mar dat koed er noait rêdde, hwant der siet net in gat yn, dêr't de holle troch moest.
Doe sei dat minske: "Dat is suver neat." En hja krige de tsiisrasp en doe bigoun se to raspen op de boezeroen op 'e holle fan har man.
Doe bigoun dy man bot to razen, hwant dat die him rare sear.
Doe't de man fan 'e slachte baerch dat seach, tocht er: "Hjir kin 'k net wêze, hwant dizze frou is noch folle dommer as myn eigen wiif."
Hy nom ôfskied en gong fierder mei hynder en wein. Doe kom er yn in oar plak. It woarde al hwat tsjuster. Hy kloppe wer by in hûs oan. Wer wie 't in frommes dy't him iependie.
De man frege, of er dêr wol bliuwe mocht.
Ja, dat koe wol, sei 't wyfke en hja gongen togearre yn 'e hûs.
Doe sei de man: "Hwat is 't hjir tsjuster." Hwant dêr brânde gjin ljocht.
"Dat is suver neat," sei 't wyfke, "dêr komt aenst wol ljocht." Doe gong se der út mei twa amers. Dy pompte se fol wetter, en doe sei se tsjin 'e man:
"Sjoch, nou ha wy ljocht yn 'e hûs, hwant it wetter jowt altyd ljocht op." En sy sette de beide amers mei wetter yn 'e keamer.
Doe't de man dat hearde wist er genôch. Dit wie it twadde minske dat noch dommer wie as syn eigen wiif. Dat hy gong werom mei hynder en wein nei syn eigen wiif.

Onderwerp

AT 1541 - For the Long Winter    AT 1541 - For the Long Winter   

ATU 1541 - For the Long Winter.    ATU 1541 - For the Long Winter.   

Beschrijving

Een man bewaart spek voor de bedelaars die langskomen in de winter. Door een misverstand geeft zijn vrouw al het spek aan de eerste bedelaar mee, die zegt dat hij Winter heet. De man wordt woest en gaat bij zijn vrouw weg. Hij wil pas terugkomen wanneer hij twee vrouwen heeft gevonden die dommer zijn dan zijn vrouw. Hij klopte bij twee huizen aan en werd daar binnengelaten. In alletwee de huizen woonden vrouwen die nog dommer waren dan zijn eigen vrouw. De man keerde dus weer terug naar zijn eigen huis.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 968, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

10 januari 1973
For the Long Winter & AT 1384, The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife

Naam Overig in Tekst

Winter    Winter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:22