Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097305

Een mop (), dinsdag 16 januari 1973

Hoofdtekst

Jan Hepkes wie koopman. Hy handele ek yn aeijen.
Dy helle er op by de minsken en nom se mei nei stêd ta.
By 't Knjillisdjip lâns wennen èk minsken dêr't er de aeijen fan kocht. Dy hienen in hinnefokkerije. Hy farde dêr hinne yn in roeiboatsje. Doe wie dêr in dikke snoek, dy snapte er. Dy spande hy foar 't boatsje. As it snoekje syn nocht krige fan 't lûken, nom Jan in aei en smiet dat in ein foar de snoek út. Dan skeat de snoek dêr wer hinne en it boatsje kom wer in moai ein foarút.
Sa nou en dan nom er in aei út 'e koer foar de snoek. De snoek kom yn 'e Feanster feart en dêr bleau er. Jan fuorre him geregeld.
Op in kear smiet Jan in net út. Dat net makke er fêst oan 't kezyn fan 'e doar.
Doe tocht er de oare moarns: ik mat ris sjen. Hwant hy hie hwat heard. Doe't er fan 't bêd kom en seach, doe wie 't hiele kezyn der út. It net wie stikken en de snoek wie fuort.
Doe't er ynformearde fornom er dat 't kezyn by de omloop yn 'e feart wie. Jan gong dêrhinne en dêr hat er de snoek ôfmakke.

Onderwerp

AT 1960B - The Great Fish    AT 1960B - The Great Fish   

ATU 1960B - The Great Fish.    ATU 1960B - The Great Fish.   

Beschrijving

Jan Hepkes vangt een snoek, spant die voor zijn roeiboot en laat zich trekken, waarbij hij geregeld een ei als aas voor de snoek gooit.
De snoek, die 's avonds wordt opgesloten in een visnet dat aan een deurkozijn is vastgemaakt, heeft zich eens met kozijn en al losgetrokken.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 973, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Bij Van der Kooi meer specifiek: The Great Fish 9 : Man (in boot) door het water getrokken door snoek & 8 : De snoek en het kozijn.

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Knjillisdjip    Knjillisdjip   

Feanster    Feanster   

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Naam Locatie in Tekst

Feansterfeart    Feansterfeart   

Knjillisdjip    Knjillisdjip   

Surhuisterveenstervaart    Surhuisterveenstervaart   

Kolonelsdiep    Kolonelsdiep   

Plaats van Handelen

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:22