Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097508

Een sage (mondeling), vrijdag 19 januari 1973

Hoofdtekst

Ruerd en heit gongen ris op in kear nei 't kafé op 'e Drachtster Pipe, by de brêge. Doe't se dêr yn kommen seagen se dêr in hiele ploech sitten. Dy kommen fan 'e merk, hwant it wie dy deis krekt Drachtster merk. 't Wienen meast keaplju en it gong dêr wakker op in swetsen en swearen. 't Wie dêr in lawaei fan je heisa. 't Wie lang gjin noflik folk. Heit en Ruerd nommen elk in slokje. Under it folk wie hwat in readige jonge baes, dy hie al aerdich hwat drank hawn. Ut en troch sloech dat baeske sa bot mei de fûst op 'e tafel, dat dan rekke der drank út 'e romers fan Ruerd en dy en de oaren. Dat stie Ruerd net bot oan.
"Dogge jo dat sà?" sei er.
Op 't lêst sloech dy fint sa bot op 'e tafel, dat de hiele romer fan Ruerd rekke om.
Ruerd sei: "Dêr mat wer ien yn, heite, dit kin sà net." Mar dat woe dy fint net.
Ruerd sei: "Hwat slachstû hyltyd mei de fûst op 'e tafel, jong. Dat dogge wy by ús sa net."
Doe sei er: "Hoe dogge jimme dat dan?"
"Dat sil 'k dy sizze", sei Ruerd. En hy gong nei dy fint ta en hy krige him by 't boarst beet en hy hâldde him omheech en hy sette him op 'e stoel del. En doe hâldde er him nochris fier boppe him en sette him wèr op 'e stoel.
"Sjoch, sà dogge wy dat by ús", sei er.
(It wie in Ruerd Veenstra; hy wie frijgesel).

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Ruerd Veenstra was eens in een cafe waar veel marktkooplui aanwezig waren. Een van de koopmannen sloeg regelmatig hard met zijn vuist op tafel. Ruerd ergerde zich daaraan, en om te laten zien dat hij daar niet van gediend was ging hij naar de man toe. Hij tilde hem een paar keer hoog op en zette hem op een stoel.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 975, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 januari 1973
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Ruerd Veenstra    Ruerd Veenstra   

Drachtster Pipe    Drachtster Pipe   

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21