Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097703

Een sage (mondeling), donderdag 25 januari 1973

Hoofdtekst

Wy hienen froeger by ús yn 'e hûs twa hounen. Mar dat wie ien tofolle. Wy hienen 't och sa earmoedich, heit wie gebrekkich en wy koenen 't net bitelje om twa hounen fretten to jaen. Spits hiet de iene houn.
Heit sei: "Ik sil Spits forsûpe."
Mem sei: "Wybren, ik warskôgje dy, datstû dy houn forsûpste. Dû kinst him wol yn 't wetter dwaen, mar hy giet net dea. Astû wer thús biste, is de houn der even letter èk wer."
Mar heit steurde him dêr net oan. Hy sei: "ik doch in stien ûnder yn 'e sek, dan rêd ik der wol mei."
"Hy komt werom," sei mem, "dû silst it sjen."
Heit gong mei Spits en in sek en in stien op stap de kant nei Kûkherne út. By it earste flapbrechje yn Kûkherne hat er de stien yn 'e sek dien, de houn der by en dêr liet er him sakje yn 't wetter.
Doe gong er werom op hûs ta.
Wy sieten krekt to iten, dêr hienen wy Spits wer.
Mem hie krekt fantofoaren sein: "Aenst is de houn hjir en dan kloppet er op 't glês."
En dêr stie Spits op 'e achterste poaten by 't glês op en de foarste poat gong oer 't glês hinne.
Doe ha wy de houn hâlden, hy is by ús stoarn.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

De vader van de vertelster wilde een van hun twee honden verdrinken vanwege geldgebrek. Zijn vrouw waarschuwde hem echter dat de hond niet zou sterven in het water. De vader ging toch met de hond naar het water een deed hem in een zak met een steen erin en verdronk hem. Toen hij weer thuis was stond de hond echter voor het raam. De familie hield de hond toen, en hij is later bij hen thuis gestorven.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 977, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

25 januari 1973
Das zweite Gesicht

Naam Overig in Tekst

Spits    Spits   

Wybren    Wybren   

Naam Locatie in Tekst

Kukherne    Kukherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21