Hoofdtekst
Alde Hindriks Kike wenne achter ús. Mem sei op in kear:
"Der sil ûnwaer komme, dan rekket âlde Hindriks Kike har hûs der ôf. Ik ha 't brânnen sjoen. En op 'e Foarwei sil de boerepleats fan Dedde Wybenga ôfbrânne en alle fé sil der yn omkomme."
't Is allegear sa gebeurd. Hja sei: "Ik sjoch allegearre fjûr." De oare deis gebeurde it. Der kom in greate klobbe fjûr, dy splitste him yn twaën, de iene helte gong dizze kant út, de oare helte de oare kant. Op ús tún forskroeide alles en sa rekke 't hûs fan Hindriks Kike ek yn 'e brân.
Dedde Wybenga syn pleats brânde ek hielendal op deselde deis. Myn broer hat der noch hinne west om it fé los to snijen, mar it wie forgees. It koe net mear. Mem wist wol dat dat net mear koe.

Onderwerp
SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes   
Beschrijving
De moeder van de vertelster voorspelde dat er twee huizen bij hen in de buurt af zouden branden. Bij een van de branden zou al het vee van Dedde Wybenga omkomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 977, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
25 januari 1973
Vorzeichen eines Brandes
Naam Overig in Tekst
Hindriks Kike   
Dedde Wybenga   
Naam Locatie in Tekst
Foarwei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21