Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097902

Een sage (mondeling), vrijdag 02 februari 1973

Hoofdtekst

Ik hie in âldomke, dat wie in broer fan myn beppe. It wie Knillis Veenstra en hy wenne yn Twizelerheide, flak by 't spoar. Keke-om seinen se. De lju seinen ek wol: âlde Keke.
Keke-om wie mei de helm geboaren. Hy seach geregeld bigraffenissen fan tofoaren. Sa hat er de dea ek fan syn dochter sjoen, dy't har fordronken hat. Hy seach dagen fan tofoaren de kiste al op 'e flier stean.
Soms gebeurde it dat er mei guon op stap wie. Dan sei er: Even oan kant gean. Der giet in lykstaesje de wei del.
In âld man hat my ris forteld, dat er sa ek ris mei Keke-om ûnderweis wie. De âld man syn sweager wie der ek by. Doe hie Keke-om èk sein: Even oan kant gean. Der is in lykstaesje. Doe't dy passeard wie hied er tsjin dy âld man en dy sweager sein: Jim wienen der beide by.
De oare wyks stoar der in famyljelid fan dy beiden. Doe roannen se beide achter 't lyk oan. Keke-om hie 't goed sjoen. Letter hat Keke-om hjir yn dit hûs by myn beppe ynwenne. Heit en syn bruorren wienen op in kear it fjild yn mei handel. De bern hienen de klompen by de achterdoar delset. Doe sei er: "De klompen net sa bot yn 't paed sette bern, hwant ik mat der wolris út en dan kin 'k hast sa hurd net mei al dy klompen." Dat gebeurde dyselde nachts. Hy sei: "Der giet wer in lykstaesje de wei del. Der komt wer ien op 't hôf."
Dan sette er mei tûzen hasten ôf. Hy mòest nei dat plak ta. Hy hat wol nachten hawn dat er oer hekken en stekken klimme moest. Soms sieten der punten boppe op. Hy wie net to kearen. Oer skerpe tried gong er en troch sleatten. Hy moest, hy kòe net thúsbliuwe. It swit bruts him út as hy der efteroan siet. Op 't lêst wenne Keke-om mei ien soan, mar dat akkordearre net. Doe rekke er nei Kollumersweach ta nei in earmenkeamer.
"Eenmaal uit het huis verjaagd mag ik niet wederkeren", sei er. Hy wie wol hwat mâns. Hy skreau brieven rjochtstreeks nei de koaningin.
It duorre meastal ien of twa dagen dat it sterfgefal der wie neidat hy it sjoen hie.

Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Knillis Veenstra kon sterfgevallen voorspellen en zag vaak lijkstoeten over de weg rijden. Wanneer er een lijkstoet kwam, moest Knillis ernaartoe. Hij kon niet meer thuisblijven en kwam in een armenhuis in Kollumerzwaag terecht.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 979, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 februari 1973
Leichenzug gesehen

Naam Overig in Tekst

Knillis Veenstra    Knillis Veenstra   

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Keke    Keke   

Kollumersweach    Kollumersweach   

Kollumerzwaag    Kollumerzwaag   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21