Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098114

Een mop (almanak), dinsdag 06 maart 1973

Hoofdtekst

Der wenne in túnman by in rike mynhear. Dy sei op in kear: "Adam, Adam, hiestû sa net sûndige, dan hoefde ik sa net to werken."
Dat hearde de mynhear. Dy sei: "Sondigestû net?"
"Né", sei de túnman.
Is nijsgjirrichheit ek in sûnde frege de mynhear.
"Ja", sei de túnman.
"Astû sûnder sûnden biste," sei de mynhear, "bistû in frij man. Dû hoechst de sûnden fan Adam net to dragen. Dû krijst fan my dyn wiet en droech op 'e tiid en dû hoechst net mear to arbeidzjen; astû tominsten sûnder sûnden bist."
Doe krige dy túnman elke dei it iten thús. It waerd him brocht yn skalen en pannen en 't wie altyd like lekker. Mar dêr wie ien panne by dêr siet in lid op. Dy panne wie nèt foar de túnman en syn wiif ornearre. Dat woardde mei neidruk sein. Alle kearen stie dy panne op 'e tafel.
De túnman en syn wyfke woenen graech witte hwat der yn dy panne sitte soe, en op 't lêst koenen se har nijsgjirrigens net langer ynhâlde.
Hja dienen it lid der ôf en doe fleach der in mûs ta de panne út.
Doe't de mynhear fornaem hwat der gebeurd wie sei er tsjin 'e túnman: "Dû bist ek neat better as Adam, sjochst dat wol?"
Doe moast de túnman opnij wer werke.

Onderwerp

AT 1416 - The Mouse in the Silver Jug    AT 1416 - The Mouse in the Silver Jug   

ATU 1416 - The Mouse in the Silver Jug.    ATU 1416 - The Mouse in the Silver Jug.   

Beschrijving

Een tuinman zei dat hij niet hoefde te werken als hij zonder zonde was. Zijn baas beloofde hem dat hij eten en drinken van hem zou krijgen, als hij maar zonder zonde bleef. Van te voren spraken ze af dat nieuwsgierigheid ook een zonde was. Iedere avond kregen ze pannen met eten. Op een pan zat een deksel, dat er niet afgehaald mocht worden. Na een tijdje haalden de tuinman en zijn vrouw de deksel er toch af: er kwam een muis uit. Omdat hij nieuwsgierig was geweest moest de tuinman weer komen werken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 981, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 maart 1973
The Mouse in the Silver Jug

Naam Overig in Tekst

Adam    Adam   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:22