Hoofdtekst
Hjir wenne froeger Bintsje Knjillis. Bintsje Keke (= Knjillis Veenstra) waerd er meast neamd. Dy wie mei de helm geboaren. Hy moast der nachts faek út. Dan roan er soms hiele einen. Hy waerd dreaun. Dat wie algemien bikind. As hy der út moast en hy hie hwat sjoen, dan kaem dat altyd nei. Dat miste noait ien kear.
Op in moarntiid kaem Keke der ôf en sei: "Der komt mei gauwens wer in sterfgefal. Ik moast der fannacht wer út en deselde dy't stoarn is wurdt bigroeven mei in wyt hynder foar de wein."
De minsken seinen: "Ja, Keke, mar dit komt net nei." Hwant it wie in fêst gebrûk dat der in swart hynder foar de wein roun.
Mar Keke krige wòl gelyk. In dei of hwat letter wie der ien dea en op 'e dei fan 'e bigraffenis snijde it tige. Der roan in wyt hynder foar de wein, hwant it siet ûnder 'e snie.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Knjillis Veenstra was helderziend. Hij kon dingen van tevoren zien, en die kwamen altijd uit. Zo kwam zijn voorspelling dat er een wit paard voor een begrafeniswagen zou lopen, ook uit: het sneeuwde die dag.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 982, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
8 maart 1973
Das zweite Gesicht
Naam Overig in Tekst
Bintsje Knjillis   
Bintsje Keke   
Knjillis Veenstra   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21