Hoofdtekst
Myn suster wie mei de helm geboaren. Hja wie noch mar in famke, doe opponearre him dat al. Op in kear boarten wy mei elkoarren op 'e dyk. Doe treau hja ús dêr allegear ien foar ien wei, hwant der kaem in lykstaesje oan, sei se. "Hja binne nou oan Wigerom ta", sei se. "Dy giet út 'e staesje wei, dy giet yn 'e hûs." Wy moesten allegear oan kant stean gean.
Krekt seis wiken letter is myn pake overleden. Se moesten Wiger-om syn hûs foarby. Doe is Wigerom út 'e staesje weigong. Hja seach it by dei. Letter is myn suster skoaljuffer woarn.
Hja is al in skoft dea. Ik wit noch dat se sei: "Mem, hwat ha 'k nou hwat raers sjoen. Se ha pake bigroeven."
Hja hat folle faker lykstaesjes sjoen. Hja moest nachts faek út it bêd wei om to sjen. Dan waerd der kloppe. Dan mòest se der út.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Het zusje van de verteller was helderziend. Zij zag lijkstoeten over de weg rijden. Ze zag ook de begrafenis van haar opa voorbijkomen. 's Nachts ging ze vaak uit bed om de lijkstoeten te zien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 986, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
12 maart 1973
Leichenzug gesehen
Naam Overig in Tekst
Wiger-om   
Wiger   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21