Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098615

Een sage (mondeling), maandag 12 maart 1973

Hoofdtekst

Greate Wopke wie wûnderdokter to Kûkherne. Us mem kaem in protte by him as der by ús ien siik wie.
Op in kear siet mem dêr, doe bigounen de lege flessen to rammeljen. Doe sei Wopke: "Der komt aenst ek wer in klant."
Wopke hat myn omke ek genezen.
Yn Feanwâlden wie doe in sikere dokter Dons, dy is letter nei Smilde tagong.
Myn omke wie doe noch in jonge. Dokter Dons sei tsjin pake en dy: "Der is niks mear oan dy jonge to dwaen. Hy is net mear to helpen." Doe sei beppe: "Dan gean 'k der nochris mei nei Greate Wopke ta."
Doe biseach Wopke him ris goed. Hy sei: "Dit is net sa'n maklik gefal, mar wy sille him opknappe. As jimme mar krekt sa dogge as ik siz."
Doe joech Wopke beppe in drankje mei. "Tink der om," sei er, "dy drank mei net yn 't ljocht. Sadra jim thús binne mat dy drank yn in donkere kast. Dêr mei gjin ljocht op falle. As jo sa dogge as ik siz, wurdt Lammert wer better." Hy sei ek noch: Ik tink dat dokter Dons jo deselde drank jowt as ik. Mar ik sykje de krûden yn 'e mist, yn 'e damp en dokter by dei.
Omke Lammert is 80 jier woarn.

Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

Wopke was een wonderdokter. Aan het rammelen van de lege flessen kon hij zien dat er nog een klant kwam. De reguliere dokter kon Lammert niet genezen, maar Wopke wel. Die gaf een drankje mee, waar geen licht op mocht vallen. Wopke zocht zijn kruiden in de mist en de dokter niet, dat was het verschil.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 986, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

12 maart 1973
Volksgeneeskunde

Naam Overig in Tekst

Greate Wopke    Greate Wopke   

dokter Dons    dokter Dons   

Lammert    Lammert   

Naam Locatie in Tekst

Kukherne    Kukherne   

Feanwalden    Feanwalden   

Smilde    Smilde   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21