Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098838

Een sage (mondeling), vrijdag 16 maart 1973

Hoofdtekst

Der wie in jongfeint, dy sei, hy wie net bang foar de duvel.
As hy jild fan 'e duvel krije koe, dan naem hy dat yn tank oan. Dat wie yn 'e kroech, dat er dat sei. Doe moest er yn 'e joun de Twizelerwei lâns. Doe hie dêr ûnderweis ien west - hy koe net sjen hwa of hwatte - dy hie in ponge mei jild hinne en wer skodde. Hy hearde it jild rinkeljen. Dat hat de duvel west. Mar hy doarst dy ponge net oan to nimmen, hy woe 't net ha. Hy makke gau dat er fuortkaem.

Onderwerp

SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.    SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   

Beschrijving

Een jongeman beweerde dat hij niet bang was voor de duivel, en dat hij geld van hem zou aannemen. Toen hij uit de kroeg kwam, zag hij op de Twizelerwei iemand met een buidel heen en weer zwaaien. Hij durfde die echter niet aan te nemen en maakte dat hij weg kwam.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 988, verhaal 38 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

16 maart 1973
Andere Begegnungen mit dem Teufel.

Naam Locatie in Tekst

Twizelerwei    Twizelerwei   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21