Hoofdtekst
Oan 'e Dykswâl, by de Swemmer lâns, stie in stiennen hûs, dêr wennen twa húsgesinnen yn. Yn 't fortrekje dat op 'e feart útseach wenne in Dykstra, yn dat nei it oasten wenne Antsje, in âld-frou allinne. Antsje wie in tsjoenster, seinen se. Albert wie ien fan 'e bern fan Jurjen Dykstra. Dy woarde syklik. Doe kaem der in buorfrou by harren. Dy sei: "Kin 't tsjoenderij wêze? Jim ha dat âld minske hjir njonken jimme."
"As dat sa is...", sei Jurjen.
"As der in krâns yn 't kessen sit," sei 't minske, "is 't bern bitsjoend."
It kessen waerd iepentoarnd. Dêr kaem in krâns út.
Doe sei Jurjen: "Dy âlde forrekte tsjoenster!"
It âld-minske hat dêr noait wer oer de flier west.
"As dat sa is...", sei Jurjen.
"As der in krâns yn 't kessen sit," sei 't minske, "is 't bern bitsjoend."
It kessen waerd iepentoarnd. Dêr kaem in krâns út.
Doe sei Jurjen: "Dy âlde forrekte tsjoenster!"
It âld-minske hat dêr noait wer oer de flier west.
Onderwerp
TM 3109 - Heksenkrans in kussen   
Beschrijving
In een stenen huis aan de Dykswal woonden een heks, Antsje, en de familie Dykstra. Op een dag werd Albert Dykstra ziek. Hij was betoverd: toen ze zijn kussen openmaakten zat er een krans in. Antsje kwam sindsdien nooit meer over de vloer.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 989, verhaal 22 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
16 maart 1973
Heksenkrans in kussen
Naam Overig in Tekst
Swemmer   
Jurjen Dykstra   
Albert Dykstra   
Antsje   
Naam Locatie in Tekst
Dykswal   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
