Hoofdtekst
Japik Ingberts, dy woarde ek wol neamd de Twizeler gaudief. (Hy wie altyd in protte mei de Westereinders op stap.)
Op in kear hied er wer hwat útheefd, doe woenen de hearen fan 't gerjocht him ophelje. Hja sieten yn in glêzen wein en rieden fan Ljouwert út it oasten yn.
Doe wienen se oan 't Boskhûs to Burgumerheide ta. Dêr stiet in mantsje op 'e wei.
De koetsier hâldde even stil en frege dat mantsje of er wist hwer't Japik Ingberts wenne.
"Matte jimme dy ophelje?" frege 't mantsje.
"Ja", sei de koetsier.
It mantsje sei: "Japik Ingberts, dy wennet dêr en dêr. Mar ik mat dy kant ek út. Mei 'k mei ride?"
"Jawol", sei de koetsier. It mantsje kaem njonken him op 'e bok to sitten. (De wein binnenyn wie fol mei hearen fan 't gerjocht.)
By de Harstewei sei 't mantsje tsjin 'e koetsier: "Ho even! Ik mat noadich pisje."
It mantsje der út, yn 'e wâl en doe sei er: "Witte jim wol hwa't mei jim riden ha? Dat wie Japik Ingberts. Siz dat mar even tsjin 'e hearen fan 't gerjocht."
En fuort wied er.

Onderwerp
VDK 1525Z* 19 - Japik Ingberts rijdt vermomd mee met zijn achtervolgers   
Beschrijving
Japik Ingberts was een gauwdief. Op een keer wilden de heren van het gerecht hem ophalen met een wagen. Op een gegeven moment zien ze een mannetje, dat ze de weg wijst en vraagt of hij mee mag rijden. Na een tijdje stapt het mannetje uit omdat hij moet plassen. Dan onthult hij dat hij Japik Ingberts is en gaat ervandoor.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 990, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
19 maart 1973
Japik Ingberts rijdt vermomd mee met zijn achtervolgers
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
Boskhus   
Naam Locatie in Tekst
Twizel   
Westerein   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Burgumerheide   
Harstewei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21