Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ099005

Een mop (mondeling), maandag 19 maart 1973

Hoofdtekst

Japik Ingberts siet by dy minsken yn 'e hûs en hy hie 't eech net fan dat horloazje ôf.
Doe't er fuort wie, seinen de man en de frou tsjin inoar:
"Tink derom, hy hat noait it gesicht fan 't horloazje ôfhawn. Hy komt hjir fannacht grif."
En 't wie sa.
De buorman stie yn 'e hûs by 't finster op him to wachtsjen. Japik Ingberts kom mei 't leiderke, hy die de blinen fan bûten iepen. 't Glês koe fan boppen ek iepen. Dêr gong er mei de hân troch om gau dat horloazje to pakken.
Mar de buorman stie klear mei 't mes, en joech him in japs oer de hân.
Doe luts er de hân werom en naeide er út nei hûs ta.
De oare deis gong de buorman nei Japik Ingberts ta.
Doe hied er in lape om 'e hân. "Hwat skeelt dy?" sei er.
"Ik ha my yn 'e hân snien", sei Japik Ingberts.
"Mei dit mes, tink", sei de buorman, en doe helle er dat ta de bûse út.

Beschrijving

Japik Ingberts was op bezoek bij zijn buren en keek de hele tijd naar het horloge dat ze zouden hangen. De buurman zag al aankomen dat Japik daar die nacht voor terug zou komen. Japik kwam inderdaad en deed het raam van buitenaf open. Maar de buurman stond te wachten met een mes en sneed Japik in zijn hand. Japik ging toen weer weg. De volgende dag ging de buurman naar Japik toe. Japik had zijn hand verbonden. Japik vertelde dat hij zijn hand had gesneden en de buurman haalde het bewuste mes tevoorschijn.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 990, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 maart 1973

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21