Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ099008

Een sage (almanak), maandag 19 maart 1973

Hoofdtekst

Yn Hamsherne ûnder Droegeham wennen in broer en in suster, dy hienen dêr in lyts boerespultsje. Hja hienen in hynder dat woarde harren to âld. Doe gong dy broer dêrmei nei Eastemarre merke ta. Dêr forkocht er 't hynder oan sigeuners. Doe't dy sigeuners it hynder kocht hienen, makken se 't moai op. Hja ferven it, makken flechtsjes yn 'e moanjes, tinnen de sturt út en alsamear.
Op 'e neimiddei woe it boerke in oar hynder wer keapje.
Doe kom er mei in hynder thús.
It nuvere wie dat dat hynder samar út himsels nei de stâl gong.
Doe sei syn suster: "Hwat hastû eins dien?"
"Ik haw in oar hynder kocht", sei er.
Hja sei: "Dû hast ús eigen hynder wèr kocht."

Onderwerp

AT 1631A - Mule Painted and Sold Back to Owner    AT 1631A - Mule Painted and Sold Back to Owner   

ATU 1631A - Mule Painted and Sold Back to Owner.    ATU 1631A - Mule Painted and Sold Back to Owner.   

Beschrijving

Een broer en een zus verkochten hun oude paard aan zigeuners. De zigeuners maakten het paard mooi. Op een dag kocht de broer zijn eigen opgekalefaterde paard terug.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 990, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 maart 1973
Mule Painted and Sold Back to Owner

Naam Locatie in Tekst

Hamsherne    Hamsherne   

Droegeham    Droegeham   

Eastermar    Eastermar   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:22