Hoofdtekst
Der binne guon, dy wurde mei de helm geboaren. Dy matte lykstaesjes fan tofoaren sjen. Sa'n man ha 'k ek kend to Boarnburgum. Dat wie Hindrik Wybenga. Dy moest der nou en dan nachts út. Dan seach er alle minsken dy't achter 't lyk oan roannen. Dy koed er meast allegear wol en dan wist er meastal èk wol hwa't der stjerre soe. As de lykstaesje der oan kaem gong er oan kant stean. Hy sei ek wolris tsjin 'e minsken: "Gean even oan kant stean, hwant der komt in lykstaesje oan." Dy oare minsken seagen neat. Mar as se net oan kant stean gongen en gjin rûmte joegen, dan krigen se in ûngelok. Dan waerden se stompt.
Onderwerp
TM 2901 - Helmdragers   
Beschrijving
Hindrik was met de helm geboren. 's Nachts moest hij er uit om lijkstoeten te zien. Dan wist hij al wie er zou sterven. Hij waarschuwde mensen ook aan de kant te gaan wanneer hij zo'n stoet zag. Deden ze dat niet, dan kregen ze een ongeluk, of werden ze gestompt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 999, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
6 april 1973
Helmdragers; SINSAG 0481, Leichenzug gesehen
Naam Overig in Tekst
Hindrik Wybenga   
Naam Locatie in Tekst
Boarnburgum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21